Twadde kear op rige gjin Oerrock, organisaasje wol allinne 'volle bak'

07 apr 2021 - 06:15

Foar it twadde jier op rige is der fanwege it coronafirus mei Himelfeart gjin Oerrock-festival. De organisaasje hope dat it festival yn Oerterp feilich holden wurde kinne soe, mar seit no dat it gefaar fan it firus noch te grut is, ek al is de faksinaasje al begûn.

Oerrock - Foto: ANP

Neffens de organisaasje binne der tefolle fraachtekens om it festival op te setten, net allinne oer de sûnensrisiko's, mar ek oer eventuele beheinings fan de festivalopset. As Oerrock wer holden wurde kin, dat wol de organisaasje dat allinne 'volle bak' dwaan, krekt as yn oare jierren.

De earstfolgjende edysje fan Oerrock is no yn 2022. De artysten dy't yn 2020 al spylje soenen, komme dan hast allegearre noch. Dat meldt de organisaasje.

Jorryt Taekema fan Oerrock

Trefwurden: 
Oerterp Oerrock coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)