Stjoerleas kontenerskip yn de problemen boppe Flylân

06 apr 2021 - 22:18

In kontenerskip fan 170 meter lang is yn de problemen rekke boppe Flylân. Dat meldt de Kustwacht. It roer soe fêstrûn wêze, wêrtroch't it skip yn rûntsjes fart. It liket hieltyd tichter by de Fryske eilannen te kommen.

De haven fan Rotterdam - Foto: ANP

It giet om in frachtskip fan hast 170 meter lang, dat ûnderweis wie fan Rotterdam nei Finlân. In grut skip fan de Kustwacht besiket in sleepferbining ta stân te bringen. Om tsien oere jûns lei it skip sa'n njoggen seemyl fan Skylge ôf. Dat is minder as 17 kilometer.

Neffens de Kustwacht soene de motoaren fan it skip noch wurkje, mar it roer soe fêstrûn wêze. It is noch net dúdlik hoe't de minsken fanôf it grutte skip fan de Kustwacht dat oplosse kinne.

Earder op de dei warskôge de Waadferiening al foar skippen dy't de súdlike farrûte boppe de eilannen namen, fanwege de hurde wyn en hege weagen op see. It is net dúdlik oft it skip dat no yn de problemen rekke is, yn de noardlike of de súdlike farrûte fear.

(Advertinsje)
(Advertinsje)