Bundesliga freget oar fuotbal fan Vlap: "Ik raak heel weinig ballen aan"

Michel Vlap sjocht him noch alle wiken de eagen út yn de Bundesliga. De Snitser fuotballer dy't troch Arminia Bielefeld hierd wurdt fan Anderlecht fjochtet mei syn ploech tsjin degradaasje. Bielefeld stiet op it ien-nei-lêste plak yn Dútslân en sil yn elts gefal noch ien klup foarby moatte. Yn de SportCast fertelt er oer syn earste moannen yn de Bundesliga. Ek belje we mei âld-direkteur Hans Nijland fan FC Groningen oer de 'Derby van het Noorden' fan kommend wykein.
De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
Vlap hat mingde gefoelens oerhâlden oan syn earste wedstriden by Arminia Bielefeld. "Ik heb het gevoel dat ik meer wil laten zien, maar er worden andere dingen gevraagd. Het is degradatievoetbal en je kiest nu iets sneller voor de lange bal. Dat is niet mijn grootste kwaliteit, maar ik moet me er wel tegen wapenen. Ik raak heel weinig ballen aan, dat vind ik wel frustrerend. Maar het gaat erom dat we in de Bundesliga blijven. Daar worden andere dingen voor gevraagd", fertelt de Snitser, dy't fertrouwen hat yn in goeie ôfrin.
Snein spilet SC Hearrenfean de wedstriid tsjin FC Groningen. Dat is de âlde klup fan Hans Nijland. Nettsjinsteande it ferdigenjende spul fan Grins is Nijland ûnder de yndruk fan it wurk fan trainer Danny Buijs. "Hij heeft een hele sterke ploeg neergezet. Ik ga met veel genoegen voor de buis zitten aankomende zondag." In foarspelling dwaan foar de 'Derby van het Noorden' wol Nijland lykwols net dwaan.
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje we ek oare ûnderwerpen.