Meardere proeven mei publyk yn Fryslân, ûnder oare by Cambuur en Hearrenfean
Fan de goed 400 proeven dy't de kommende tiid yn it hiele lân holden wurde, om te sjen oft negative coronatestbewizen tagong ta eveneminten mooglik meitsje kinne, wurde der alve yn Fryslân holden. Dat blykt út in list dy't it kabinet publisearre hat. Ûnder oare Holland Casino en Monkeytown steane der op.
Foarige wike sei boargemaster Van der Zwan fan Hearrenfean al dat hy graach meidwaan woe oan de proef. No is dúdlik wurden dat der 2000 taskôgers komme meie by de wedstriid tsjin PEC Zwolle, ein april. By Cambuur-De Graafschap kinne 1350 taskôgers komme. De Ljouwerter klup hat al ûnderfining mei publyk: ein febrewaris wiene der 1350 supporters by de útwedstriid tsjin Almere.
Earder waard al dúdlik dat der op It Hearrenfean in evenemint foar inlineskaters komt, dêr't sa'n 100 minsken komme meie. Op de Gordyk komt in kuorbalevenemint foar senoiaren. Dêr kinne 120 minsken komme.
Op de list steane fierder it Fries Museum, dêr't op trije dagen yn de museumwike 250 taskôgers komme meie. It Jopie Huismanmuseum yn Warkum kin op twa dagen yn dyselde wike 125 minsken kwyt. It Museumhûs Van Eysinga yn Ljouwert kin op 9, 10 en 11 april al de doarren iepenje, foar 72 minsken.
It Ljouwerter Poppoadium Neushoorn kin op 25, 26 en 27 april goed 100 minsken ûntfange, en yn it teäter De Harmonie wurdt trije kear in foarstelling holden, dêr't 186 minsken komme meie. "We kunnen niet wachten om de deuren weer te openen", seit direkteur Marijke van der Woude. Der komme optredens fan Ellen ten Damme, Peter Pannekoek en OG3NE. Dy groep hat de nijste klip ek opnaam yn De Harmonie.
"Ook als je al gevaccineerd bent moet je het nieuwe testbewijs kunnen overleggen", seit Van der Woude. "Wij staan te popelen om onze gasten te verrassen!"
It Ljouwerter boarterspark Monkeytown, dat binnendoar is, kin op 17 april 100 minsken ûntfange, en by Holland Casino yn Ljouwert kinne op 25 april 555 minsken komme.
En op 24 april is der in kuiertocht 'Roeken en Katten' yn de gemeente Waadhoeke. Dêr binne 400 minsken wolkom.
Minsken dy't in tagongsbewiis ha wolle foar ien fan de eveneminten dêr't publyk talitten wurdt, moatte har by in spesjale teststrjitte teste litte op it coronafirus. De testôfspraak kin makke wurde op de webside testenvoortoegang.nl. De test moat binnen 40 oeren foar it evenemint ôfnaam wurde. Dat is fergees. In útslach fan de GGD is net jildich, en de útslach fan in thústest ek net.
It is de bedoeling om by de eveneminten corona-testbewizen te testen. Dielnimmers moatte fantefoaren in saneamde PCR-test dwaan litte. De útslach krije se op de mail, en dêrnei kinne se in testbewiis oanfreegje. Allinne as se dat by de yngong scanne litte, kinne se tagong krije ta it evenemint. De ûndersikers wolle útfine oft alles goed wurket.