Achtkarspelen siket fytsende âlderein: wa binne de échte trochtrapers?

06 apr 2021 - 18:02

Wa is de âldste 'trochtraper' fan Achtkarspelen? Dat freget de gemeente him mei High Five-sportstimulearring ôf. Yn it ramt fan it projekt 'Doortrappen' wolle de organisaasjes besykje om 70-plussers safolle as mooglik op de fyts te hâlden.

Foto: Shutterstock.com (Ljupco Smokovski)

Troch it fytsen bliuwt âlderein langer sûn, sosjaal en selsredsum, sa is de gedachte. Dat moat wol op in feilige wize kinne, dêrom komt de gemeente graach yn 'e kunde mei fytsende âlderein. Sy kinne bygelyks fertelle wêr't sy ûnfeilige situaasjes ûnderfine.

"Myn pake is krekt 81 wurden," fertelt wethâlder Jouke Spoelstra. "Dy hawwe wy der ek al by lutsen. Wy sille der ek yn kranten wat omtinken oan jaan. Wy hoopje ien te finen dy't yn 'e rjochting fan de 100 jier giet."

It projekt is net allinne fan Achtkarspelen, de gemeente wurket gear mei Tytsjerksteradiel. Ferline jier binne der yn Fryslân al 25 'trochtraaprûten' útset, ek ien by Bûtenpost. It giet om feilige fytsrûten dy't âldere ynwenners stimulearje moatte de fyts te pakken. "Dy rûten binne geskikt foar âldere minsken. Bredere fytspaden, net tefolle obstakels, feilige oerstekplakken, net al te nuvere bochten. Wy wurkje oan in nije rûte yn de gemeente, dêr sykje wy aanst ek testfytsers foar," seit wethâlder Spoelstra.

Wethâlder Jouke Spoelstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)