Cambuur Sjoernaal: Rekôr foar Robert Mühren yn meunstersege

06 apr 2021 - 17:56

De namme fan Robert Mühren stiet foar altyd yn de skiednisboeken fan SC Cambuur. De spits makke snein syn 29ste, 30ste en 31ste doelpunt dit seizoen en dêrmei is er Harry van der Laan foarby. Dy wie rekôrhâlder fan it measte oantal doelpunten yn ien seizoen: Hy skoarde 29 kear foar Cambuur yn it seizoen 1997/1998.

De Ljouwerters rekkenen snein mei grutte sifers ôf mei Excelsior. Cambuur kaam dêryn twa kear op achterstân, Excelsior ien kear. It waard 7-2.

De ploech fan trainer Henk de Jong is wer in stap tichterby de earedifyzje, mei noch seis wedstriden te gean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)