Noed oer kontenerskip op gefaarlike farrûte

06 apr 2021 - 17:24

In grut kontenerskip naam ôfrûne nacht dochs wer de gefaarlike súdlike rûte boppe de Waadeilannen del. Datst wylst it mei it stoarmige waar tige gefaarlik is. De Waadferiening makket 'm soargen dat in nij drama mei in kontenerskip net foar te kommen is. "De minister heeft beloofd om stappen te zetten, maar daar mag wel wat meer vaart en inspanning achter," fynt Ellen Kuipers fan de Waadferiening.

De CSCL Jupiter op argyfbyld - Foto: Shutterstock.com (Peter Braakmann)

Kuipers siet moandeitejûn op in app te sjen nei it farferkear by de eilannen. "Na de ramp met de MSC Zoe sta je op scherp. Toen zag ik de CSCL Jupiter door de zuidelijke route varen, met afmetingen van 366 bij 51 meter. Toen dacht ik: hoe is dit nu mogelijk? Door de Onderzoeksraad voor de Veiligheid is gezegd dat dit soort schepen daar niet veilig zijn met golfslag hoger van vijf meter."

De Kustwacht befêstiget dat se de Jupiter it advys jûn hawwe om net de súdlike farrûte te nimmen. "Maar dat is slechts een advies, de reder mag zelf kiezen welke route hij kiest", seit in wurdfierder. "Waarom de Jupiter niet noordelijke route heeft genomen, weet ik niet. Die route is wel een paar uren langer."

De weagen dy't fan de sydkant komme, foarmje it grutste probleem. "De schepen zijn eigenlijk te stabiel. Ze gaan rollen door de zijwaartse golven, en snel terug naar hun rechte vorm. Dat gaat dermate snel dat de materialen waarmee de containers vast zitten daar niet tegen bestand zijn. Er zijn meer redenen, maar het heeft alles met dit soort omstandigheden te maken."

"Jou de Kustwacht mear foech"

Krityk op it nimmen fan de súdlike farrûte by de Kuipers del is der fansels al langer. Mar nije wetjouwing duorret lang om't dat ynternasjonaal regele wurde moat. Mar neffens Kuipers kin Nederlân dochs stappen sette. "We kunnen ook de Kustwacht meer bevoegdheden en middelen geven. Zodat ze niet enkel een advies geven, maar ook iets kunnen afdwingen. Zoals een schip kunnen verordonneren om te wachten totdat deze weeromstandigheden voorbij zijn." Der is wol in moasje yntsjinne en oannaam, mar ek dat hat noch gjin resultaat opsmiten.

Jildkwestje

De súdlike rûte is ek nochris frij ûndjip, dêrtroch komme skippen maklik oan de grûn. "En ik hoorde van de Brandaris dat er golven van tien meter waren. Dan moet je daar echt niet zijn. De zuidelijke route is korter en goedkoper, maar wel met alle gevolgen van dien. Het is een geldkwestie. Want ook te hoog containers stapelen levert een groot gevaar op. Ik hoop iedere keer maar dat een kapitein niet onder druk komt te staan en geen verkeerde beslissingen neemt."

Ellen Kuipers fan de Waadferiening

(Advertinsje)
(Advertinsje)