GGD: Ein april binne der acht faksinaasjelokaasjes yn Fryslân

06 apr 2021 - 17:09

Nei Ljouwert, Drachten en Snits kinne minsken fan no ôf ek op It Hearrenfean telâne foar in faksin tsjin it coronafirus. Op fjouwer oare plakken yn de provinsje komme ek nije faksinaasjelokaasjes. Yn Dokkum en Frjentsjer moatte de doarren nije wike iepen gean, seit Nils fan Mourik fan de GGD. Letter folgje Koudum en Appelskea.

Foto: Omrop Fryslân

Ferslachjouwer Johanna Brinkman wie op It Hearrenfean

Op It Hearrenfean wie frou Jannie Posthumus de earste dy't in prik yn 'e earm krige. Op dizze lokaasje wurdt de kommende tiid allinnich it Pfizer-faksin brûkt. De GGD Fryslân ferwachtet dêr op It Hearrenfean sa'n 2000 minsken yn de wike mei te prikken.

GGD: 'spitich' dat AstraZeneca net brûkt wurdt

Minister De Jonge hat in tydlike stop set op it faksinearjen mei AstraZenica. Yn Fryslân waard dat allinnich yn Drachten brûkt, omdat der mear kâns op fergrieming is, as it op meardere lokaasjes brûkt wurdt, seit Van Mourik. De GGD Fryslân fynt it spitich dat it faksin tydlik net brûkt wurde kin, want se wolle safolle mooglik prikke. Der sil woansdei in beslút oer it gebrûk fan it AstraZenica-faksin naam wurde.

De GGD is tefreden oer it faksinearjen yn Fryslân. "We prikke hieltyd mear. Mear as 10.000 minsken ofrûne wike en healwei april giet dat omheech", seit Van Mourik. Der kinne dan yn totaal 12.000 minsken per wike faksinearre wurde, "mar je wolle altyd flugger. We ha de romte, de minsken en wat ús betreft mear faksin, kom mar op". Yn totaal binne no 85.000 Friezen faksinearre. Goed 25 persint dêrfan hat de twadde prik ek al hân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)