Ljouwerter feroardiele foar trochferkeapjen stellen sporthorloazjes

06 apr 2021 - 16:01

In man út Ljouwert hat in wurkstraf fan 120 oeren ûnder betingst krigen, foar de heling fan 45 sporthorloazjes. Hy waard derfan frijsprutsen dat er de horloazjes stellen hat, út in hûs yn Grou. Neffens de fertochte hie de soan fan de eigener him de klokjes jûn, om sa in skuld yn te lossen dy't de soan by him hie.

Rjochtbank Noard-Nederlân yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De eigener fan de horloazjes is ymporteur en hie mear as 24.000 euro skea fan de ynbraak. De fertochte sei dat de soan in ynbraak yn sêne set hie. De rjochtbank leaut dat net. Mar omdat net bewiisd wurde koe dat de Ljouwerter ferantwurdlik wie foar de ynbraak, waard er dêrfan frijsprutsen. Omdat it allegear al fjouwer jier lyn is, fûn de rjochtbank it net op syn plak om in straf te jaan. Dêrom waard it in wurkstraf ûnder betingst, mei in proeftiid fan in jier.

Twa meifertochten, de freondin en skoanheit fan de Ljouwerter, hawwe harren neffens de rjochter ek skuldich makke oan it helen. Sy krije wurkstraffen fan 80 en 40 oeren ûnder betingst oplein. De plysje hat krekt dien oft sy twa oankeapen die, dêrnei koene dizze fertochten oanholden wurde.

Trefwurden: 
rjochtbank Grou horloazje
(Advertinsje)
(Advertinsje)