Grutte plannen Europaplein

It Europaplein yn Ljouwert giet de kommende jierren foars op de skep. By it plein komme trije fytstunnels, ûnder de Valeriusstrjitte, de Harnserstrjitwei en de Heliconwei troch. De kosten komme op sawat 14 miljoen euro, dik ien miljoen mear as yn in eardere fariant fan it plan, doe't noch útgien waard fan twa fytstunnels.
Troch de rekonstruksje fan it Europaplein moat de trochstream fan ferkear dat Ljouwert yn en út rydt ferbetterje. Ein 2014 wurdt in begjin makke mei it wurk, dan soe de oanlis fan de Heak om Ljouwert klear wêze moatte.
De rekonstruksje sil hast twa jier duorje, sa is de ferwachting.