Tal besmettingen yn Fryslân en lanlik ûnder trochsneed

06 apr 2021 - 16:26

Der binne de ôfrûne 24 oeren 203 nije coronabesmettingen by kaam yn Fryslân, hat it Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu (RIVM) witte litten. It binne der acht mear as moandei, doe gie it om 195 nije besmettingen. De ôfrûne wike binne der yn trochsneed alle dagen 224 nije besmettingen by kaam.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân (43), dêrnei komme Ljouwert (27) en Waadhoeke (25).

Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien nij stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus. Dat giet om in ynwenner fan Noardeast-Fryslân.

Der wiene fiif nije sikehûsopnamen yn ús provinsje, dat giet om ynwenners fan Ljouwert (2), Súdwest-Fryslân, Hearrenfean en Harns.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne der 5.592 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed wiene it der yn de ôfrûne wike 6.884 op in dei.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)