Famkesdream komt út: Tjalina pakt topput achter de Eurovisie-skermen

06 apr 2021 - 14:29

Mei in headset op yn it sintrum fan alle aksje oanwêzich wêze, dat wie de dream fan Eurovisie Songfestival-fan Tjalina Nijholt. En yn maaie komt dy dream út, want de Friezinne mei yn it hert fan de ferneamde sjongwedstriid wurkje.

Foto: ANP

Offisjeel is Tjalina dalik 'backstage assistant' by it Eurovisie Songfestival yn Ahoy Rotterdam. Dat betsjut dat se ferantwurdlik is foar in grut part fan de logistyk achter de skermen. In wichtich part fan it evenemint, want miljoenen minsken oer de hiele wrâld sjogge nei it sjongspektakel, en sy wolle fansels dat it sûnder fertragingen rint.

Alle artysten op it goede plak krije

"Net te leauwen, it is echt in momint dêr't ik as lyts famke al fan dreamde", fertelt Nijholt. Se is ien fan de alve minsken dy't dalik by de liveshows dizze gigantyske ferantwurdlikheid krijt. It byld fan de frou mei de headset seach se eartiids op telefyzje, en se wist doe eins fuort al dat se dit letter sels ek woe. "As backstage assistant bist ferantwurdlik foar de teams en artysten backstage. Ik moat derfoar soargje dat de artysten op tiid op it poadium komme foar harren optreden."

It giet yn totaal om 42 teams út alle hoeken fan Europa. "Ja, krij al dy artysten mar op it goeie plak, dêr bin ik dan foar." Wat dan meihelpe kin, is dat Nijholt sawol Ingelsk en Dútsk as ek Frânsk kin.

Nijholt wurket op it stuit as ferslachjouwer by RTL, dêr't se wend is oan stress en deadlines. Se hopet dat dit har ek by de meunsterput fan it Eurovisie Songfestival helpt.

Ik ha my der noch net yn ferdjippe, foaral ek omdat ik net wol dat ik dalik starstruck bin.

Tjalina Nijholt wol it leafst gjin favoryt ha

De kommende wiken is it foaral in kwestje fan traine en ynlêze. In favoryt hat Nijholt noch net, mar dat wol se eins ek net: "Ik ha my der noch net yn ferdjippe, foaral ek omdat ik net wol dat ik dalik starstruck bin. Ik wol eins elk op deselde wize behannelje."

Harkje nei in petear mei Nijholt

(Advertinsje)
(Advertinsje)