Op it stuit 74 coronapasjinten yn Fryske sikehuzen

06 apr 2021 - 13:33

Der lizze op it stuit 74 coronapasjinten yn de Fryske sikehuzen. Dêrfan lizze der 23 op in intensive care-bêd. Dat meldt it Acute Zorgnetwerk Noord Nederland (AZNN). Der lizze 51 coronapasjinten op in net-IC-bêd.

It AZNN updatet de sikehûssifers twa kear yn 'e wike. Ofrûne freed leine der noch 80 coronapasjinten yn de Fryske sikehuzen: 24 op de IC en 54 dêrbûten.

Yn Grinslân lizze der tiisdei 80 coronapasjinten yn it sikehûs, wêrfan 31 op in IC-bêd. Yn Drinte binne dat der 39, wêrfan 13 op in IC-bêd.

(Advertinsje)
(Advertinsje)