Winterwaar yn april: oerlibje de túnblommen en de pykjes dit wol?

06 apr 2021 - 13:25

Aprilswaar en hearegeunst, dêr is gjin steat op te meitsjen, oftewol: 'april doet wat 'ie wil.' Dat docht moandei en tiisdei wol wer bliken: wintertemperatueren, hagel, wiete snie en hurde wyn. In wike lyn wie der mei 21.7 graden yn Ljouwert noch in waarmterekôr: nea earder wie it op 31 maart sa waarm sûnt it begjin fan de mjittingen. Mar no, sawat in wike letter, is de temperatuer noch net boppe de 5 graden útkaam yn Ljouwert.

Túnman Klaas Piekstra fan túnsintrum De Florahoek yn Hurdegaryp - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Dat der yn april echt noch wol snie falle kin, hat alles te krijen mei de wynrjochting. Yn it Noardpoalgebiet is it betiid yn de maitiid noch hieltyd tige kâld. Mei in wyn út it Noarden wei kin dy kjeld nei Nederlân komme, dat smyt sniebuiten op. Eins is waarm simmerwaar just hiel bysûnder yn april.

Geraniums yn 'e snie - Foto: Shutterstock.com (Fonsi)

De swartehagekjeld komt noch

Neffens túnman Klaas Piekstra is it kâlde waar op himsels net slim foar de tún. "De measte plantsjes hurdzje en remje wol ôf. Sy binne fansels wol in hiel ein groeid mei it moaie waar. Je krije wol in brún bledsje yn de planten, mar as der moai waar komt giet er wol wer fierder."

Dochs sjocht Piekstra by syn túnsintrum, De Florahoek yn Hurdegaryp, wol dat minsken al rap wer de tún fol blommen hawwe wolle. "Men wit eins neat mear fan it waar ôf. As it in kear 20 graden is, wolle de minsken de geraniums yn de tún hawwe. Mar foar in plantsje út in kas wei, in slaplantsje, in krûdeplantsje of in geranium is it noch wol te betiid."

Túnman Klaas Piekstra fan De Florahoek yn Hurdegaryp

Piekstra seit dat wy dochs efkes nei it waar harkje moatte. "IJsheiligen, de swartehagekjeld, is pas healwei maaie. It is no gewoan te betiid. In geranium giet echt dea, dy is net winterhurd. Dat jildt ek foar basilikum of sla."

Knoppen rinne wol wer út

Oare planten binne noch wol striidber. "As je in magnolia hawwe dy't al yn bloei stiet, dan kinne je hawwe dat de blommen der út frieze. Mar allinne de blommen frieze der út, mar de knoppen net. Dus letter kin er wer fierder groeie."

It teare bledsje kin in knoei krije, dat wurdt brún en giet stil stean. Mar it kin wer útrinne as der wer in moaie dei komt. By it túnsintrum wolle de minsken fansels net in plant mei in brún bledsje keapje. "Dus wy lizze der doeken oerhinne. It foardiel dat it dan dochs bûten leit is dat it ôfhurdet, dat hoecht dan net mear by de konsumint yn de tún," seit Piekstra.

In ljip yn 'e snie - Foto: Shutterstock.com (Risto Puranen)

"Pykjes hawwe no wol in minne timing"

Inge van der Zee fan it Bond van Friese Vogelwachten fertelt dat it foar fûgels wol in minne tiid is. "De earste pykjes binne noch net út it aai, mar wy ferwachtsje dat hjoed of moarn al. Dy hawwe wol in hiele minne timing. De kjeld is hiel min foar se en der binne gjin ynsekten. Alle dagen hawwe pykjes wol in pear tûzen ynsekten nedich om te groeien. Je kinne se net efkes binnen sette om se te helpen, dat sil de natuer sels dwaan moatte."

Ljippen begjinne aldergeloks wol wer op 'e nij mei it lizzen fan aaien, fertelt Van der Zee. "De measte fûgels binne noch net dwaande, it binne benammen de ûlen en de rôffûgels dy't hiel betiid begjinne. Foar harren binne der noch wol muzen en sa, dus dat is noch net sa'n probleem."

It risiko fan bûtendyks wenjen

In oar punt is wol it hege wetter. Van der Zee: "Wy krije berjochten dat it Waadseewetter oan de Seedyk ta stiet, dat betsjut dat der tsientallen briedsjes fan de ljip fuortspield binne. Mar ja: dat is it risiko fan bûtendyks wenjen."

Inge van der Zee fan it Bond van Friese Vogelwachten (BFVW)

Trefwurden: 
natuer winterwaar april
(Advertinsje)
(Advertinsje)