VMBO-eksamens offisjeel úteinset mei praktykfakken

06 apr 2021 - 12:32

It eksamenseizoen fan 2021 is offisjeel úteinset, no't de earste VMBO-skoallen begjinne mei harren eintoetsen. De skoallen meie sels harren eksamens ynroasterje, ûnder oare it Nordwin College sette tiisdei fuort útein.

VMBO-eksamens offisjeel úteinset mei praktykfakken

Hjir en dêr is op de skoalle op It Hearrenfean te sjen dat it oars giet as oare jierren. Sa steane der stekken yn guon gongpaden, om de saken op bepaalde ôfdielings rêstich te hâlden. Teamlieder Jaap Cuperus, fertelt oer de tariedings foar de eksamens fan tiisdei: "Je moatte goed neitinke oer de oardel meter." Lokkigernôch foar it Nordwin wurde de praktykfakken eins altyd al yn lytse groepkes ôfnaam, dus dat wie frij simpel op te lossen.

Tiisdeitemoarn wiene de earste learlingen oan de beurt foar harren praktykeksamen. Under oare it eksamen Ferkeap en Produksje. Hjir moasten de kandidaten in ferkeappetear hâlde en in blombak yninoar sette foar krûden. Ien fan de learlingen seit nei ôfrin dat er der in goed gefoel oer hat: "It wie bêst wol maklik, ik hie goed leard en ik hie alle papierkes fan de ôfrûne jierren wat trochlêzen. Dus ik wist it eins allegearre wol."

De grutste útdagings moatte lykwols noch komme foar dizze learling, en ek foar de skoalle: de massale teoretyske eksamens. "Wy moatte ek by de grutte hallen rekken hâlde mei de oardel meter, dus dêr moatte je yn it foar oer neitinke", fertelt Cuperus. "Wy hawwe gelokkich de mooglikheid om fan twa lokalen ien grutte te meitsjen. En we hawwe sjoen nei it hieren fan in eksterne romte."

It stribjen fan de skoalle is wol om de eksamens sa 'gewoan' mooglik te hâlden, benammen om de learlingen úteinlik in sa'n folweardich mooglik diploma te jaan.

Harkje nei in reportaazje

Trefwurden: 
VMBO eksamen coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)