Spoedsoarch Sionsberg krijt earste pasjinten

06 apr 2021 - 12:10

It is in bysûndere dei foar sikehûs de Sionsberg yn Dokkum, want dêr giet tiisdei de spoedsoarch iepen foar pasjinten. En dus kinne ynwenners fan Noardeast-Fryslân foar it earst yn jierren wer yn Dokkum terjochte mei bygelyks in brutsen foet.

Spoedsoarch Sionsberg

Nei it fallisemint fan it sikehûs en de trochstart, wie der in skoft gjin spoedeaskjende help mear. Mar mei yngong fan tiisdei komt der wat foar werom dat der miskien wol op liket, mar dochs hiel oars is. Medysk direkteur Melvin Mac Gillavry: "Het gaat om een spoedpolikliniek, en dat betekent dat mensen met minder complexe zorg hier terecht kunnen." Foardat dizze ôfdieling der kaam, waarden de pasjinten noch trochferwiisd nei in sikehûs fierder yn de provinsje. Mar se kinne it dus no nei fiif jier wer yn Dokkum telâne.

Pasjinten kinne allinnich mei in trochferwizing fan de húsarts nei de spoedsoarch yn De Sionsberg komme. Dêr kinne se sawol behannele as ûndersocht wurde. En yn guon gefallen hat in ôfspraak by de Sionsberg ek foardielen, sa seit Derk-Jan Nienhuis, ferpleechkundich spesjalist: "Wij hebben de meeste uitslagen al binnen een kwartier binnen."

Harkje nei in reportaazje fan Maaike van der Hoek

(Advertinsje)
(Advertinsje)