Eurokommissaris op besite

19 jul 2012 - 14:25

Eurokommissaris Johannes Hahn is tongersdei op besite yn Fryslân. Hahn hat regionaal belied yn syn portefeuille en is hjir op útnoeging fan it gearwurkingsferbân Noard-Nederlân, it SNN. Hy hat earder ek besites brocht oan ferskate projekten yn Drinte en Grinslân dy't mei Europeesk jild betelle binne.

Yn Earnewâld krijt de kommissaris útlis oer projekten dy't rinne by wetterynstitút Wetsus. Ek praat hy dêr mei in groep Noardelike bestjoerders. It is de twadde kear dat de eurokommissaris in besite oan in regio yn Nederlân bringt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)