Stellingwerfske fuotbalklups SJO Vidosa ûndersykje fierdere gearwurking

06 apr 2021 - 10:21

Fjouwer fuotbalklups út de Stellingwerven ûndersykje oft sy noch mear gearwurkje kinne as SJO Vidosa ('vier dorpen samen'). It giet om de klups s.v. Olyphia fan Noardwâlde, v.v. Zandhuizen fan Sânhuzen, v.v. Oosterstreek fan Easterstreek en Sport Vereent fan Aldeberkeap. De jongereinôfdielingen wurken al sûnt april 2019 gear, mar no wurdt ûndersocht oft der ek in 'verregaande samenwerking' mooglik is.

Foto: SJO Vidosa

De klups stelle in ferkennend ûndersyk yn, dat opset wurdt troch in stjoergroep fan fjouwer leden. In wurkgroep mei leden fan de ferieningen sil dêr mei fierder. De útkomsten fan it ûndersyk wurde healwei juny ferwachte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)