Fertochten nei nachtlike ynbraak Grou by de A32 oanholden

06 apr 2021 - 09:58

De plysje hat yn de nacht fan moandei op tiisdei trije fertochten oanholden foar in ynbraak yn in hûs oan de Skeakels yn Grou. Der waard melding dien fan de ynbraak en ûnderweis nei de lokaasje kaam de plysje in auto tsjin mei trije ynsitters. It die dêrnei bliken dat de fertochten guod yn de auto hiene dat út it hûs wei kaam.

Foto: Shutterstock.com (Ricardo Reitmeyer)

In plysjeman op in motor kaam de auto op de Tjallinga tsjin en frege kollega's om de wein te kontrolearjen. Op de ôfrit A32 nei Snits koe de auto oan de kant set wurde.

De bestjoerder wie ûnder ynfloed fan THC en kokaïne, it gie om in 32-jierrige ynwenner fan Heerhugowaard. De oare ynsitters wiene in 26-jierrige ynwenner fan Heerhugowaard en in 35-jierrige ynwenner fan gemeente Waadhoeke.

De auto is yn beslach nommen, dêr't dus ek guod út de wente yn Grou yn lei. De plysje docht ûndersyk nei de ynbraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)