Auto by Gersleat oer de kop, mooglik troch glêdens
Op de Tynjewei by Gersleat is tiisdeitemoarn in auto op 'e kop yn de sleat bedarre.
De auto glide, mooglik troch de glêdens, út de bocht. De bestjoerster fan de auto koe der sels útklimme, en is yn in buorkerij flakby opfongen. Se is troch ambulânsepersoniel kontrolearre.