Motorrider giet te hurd, hat harddrugs mei en rydt himsels klem

06 apr 2021 - 08:54

De plysje fan Ljouwert hat in motorrider oanhâlden dy't hast twa kear sa hurd ried as tastien op de Grinzerstrjitwei. Hy gie 139 kilometer yn 'e oere, wylst 70 tastien wie.

Foto: Shutterstock.com / Aleksandr Gavrilychev

Mei in stopteken en oare sinjalen woe de plysje de man freegje om stil te stean, mar hy ried troch. Uteinlik ried er himsels klem op de Siebe Schootstrastrjitte.

Dêr die bliken dat de Ljouwerter fan 30 jier drugs op hie. Hy teste posityf op speed en cannabis. Dêrnjonken hie er noch pûdsjes mei harddrugs by him. De plysje hat de motor yn beslach naam.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert motorrider
(Advertinsje)
(Advertinsje)