Kollum: "It mystearje Fryslân"

06 apr 2021 - 08:29

"Der binne fan dy mominten yn it libben dat guon ferskillende saken samar ynienen byinoar komme. Tafallichheden dy't foar josels betsjutting krije. Sels ha ik dat de ôfrûne tiid hân mei it Frysk en de Fryske identiteit. Ik krige bygelyks in mailtsje út Sweden, nei oanlieding fan de kollums dêr't ik jim op tiisdeitemoarns mei lêstich fal. Dy mail kaam fan in studint, in promovendus oan it Karolinska Ynstitút yn Stockholm.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De toan fan Willem Schoorstra

Hy skreau dat er myn kollums altyd ferrekte aardich fûn, benammen ek as ik te set gie oer Fryslân en it Frysk. Syn ynteresse yn taal en kultuer wie grutter wurden sûnt er yn Sweden tahâlde. Hoewol't er oan in medyske universiteit studearre, wie de leafde foar taal en kultuer geandewei sa tanaam dat er syn Ingelsktalige proefskrift in populêr-wittenskiplike gearfetting yn it Frysk meijoech. Hoe geweldich is dat?

Yn dyselde snuorje hie ik in google-meet sesje mei studinten fan it masterkolleezje Fryske literatuer yn Grins. Dat gie ûnder oaren oer wat Fryske skriuwers yn tiden fan digitalisearring en globalisearring tinke oer de grinzen en de mooglikheden fan Fryske literatuer. Alwer in pear jongelju mei in grut hert foar taal en kultuer, dy't har dêr op in entûsjaste wize foar ynsette.

En ja, dan is der noch Gerald R. Capon, in Ingelsman dy't al 40 jier yn Frankryk wennet. Dy hat in boek skreaun, in teze mei de titel The Frisian Enigma. Ik kaam de man en syn wurk in pear jier lyn fia ynternet op it spoar. Parten fan syn wurk hie er online set, en wat er dêryn stelde prikele myn ynteresse. Koartsein stelt er it ûntstean en de foarming fan Angelsaksysk Ingelân yn 'e kiif. Neffens him ha net Angelen en Saksen oan de basis dêrfan stien, mar stammen dy't troch Julius Caesar Belgae neamd waarden, in samling noardske folken dêr't ek de Friezen by wiene.

Fia ûnder oaren de taal, âlde dokuminten, genetyske analyzen, archeology en sels in stúdzje fan it klimaat bout er syn saak sekuer op. It fassinearre my sa bot dat ik graach alles lêze woe. Doe't my dat lang om let slagge wie, hie ik mar ien ding yn 'e kop: dit moat oerset wurde, dit moat safolle mooglik minsken lêze. Yn Fryslân, Nederlân en Flaanderen. It Fryske part yn de West-Europeeske skiednis krijt mei Capon syn wurk in folslein nije diminsje. Yn 'e tuskentiid ha ik Capon syn tastimming krigen om it boek oer te setten en skriuw ik my it fel fan de fingers.

It moaie fan The Frisian Enigma is ek dat it troch in bûtensteander skreaun wurden is, in man dy't yn 'e earste oanrin net iens wist dat Fryslân bestie. Dat makket de wearde fan syn wurk miskien noch wol grutter. En krije al dy tafallichheden dy't samar ynienen byinoar komme, foar my harren betsjutting."

(Advertinsje)
(Advertinsje)