Utsûnderlik hege weagen fan mear as tsien meter fannacht op de Noardsee

In stoarmige wyn út it Noarden soarge moandei foar hege weagen oan de Noardkant fan de Waadeilannen. De ferwachting wie dat weagen oant sân meter mooglik wêze soenen, mar de it waard úteinlik noch folle heger, seach ek ferkearslieder Peter van Suijlekom fan de Brandaris op Skylge.
© Amy van der Galiën
"De wind is er nu wat af, maar we hebben hier gisteravond om 21:00 uur en vannacht om 2:00 op de noordzijde een golfhoogte van boven de tien meter gehad. Dat zijn uitzonderlijk hoge golven", sa seit Van Suijlekom tiisdeitemoarn. Troch de lange stoarmdepressje fan Noard-Noarwegen oant hjirre kin it wetter heger komme as gewoanwei mei dizze wynsterkte.
De hege weagen hawwe yn de nacht fan moandei op tiisdei noch net foar grutte problemen soarge by it skipfeartferkear. "Je ziet dat de wat kleinere schepen gaan liggen steken, ze gaan dan niet verder. Maar er lijkt toch één grote jongen door de route gegaan te zijn." Dit grutte kontenerskip fan mear as 360 meter lang, wie ûnderweis nei Hamburg en pakte de gefaarlikere rûte dy't tichter by de eilannen delrint.
Inkele jierren lyn soarge de kombinaasje fan in stoarm en in grut kontenerskip op dizze rûte foar in grutte miljeuramp. "Ik weet niet hoe dit gegaan is, maar ik neem aan dat hij opgeroepen is door de kustwacht en dan is het aan de kapitein om te beslissen om toch de route te nemen." Neffens Van Suijlekom wie it gjin ferstannige beslissing om tichter by de eilannen del te farren. "Dit zijn juist die extreme omstandigheden waar dingen in fout kunnen gaan. Die hoge golven dat zijn juist die momenten."
Ferkearslieder fan de Brandaris oer stoarm