Skilderwurk oan Ljouwerter brêgen ferskood nei nachts

06 apr 2021 - 07:10

De gemeente Ljouwert wurket de kommende moannen yn de nachtoeren oan ferskate brêgen yn de stêd. Under oare de Froupoartsbrêge moat in nije farvelaach hawwe, en dat wurk kin net oerdeis dien wurde fanwege de drokte.

Foto: Google Maps

It giet yn totaal om fjouwer brêgen yn de stêd dy't bywurke wurde moatte: de Froupoartsbrêge, de Verlaatsbrêge, de Hermesbrêge en de Wurdumerpoartebrêge. De brêgen sitte allegearre op drokke ferkearsrûtes, en om sawol de skipfeart as it dykferkear sa min mooglik te fersteuren, wurdt it wurk ferskood nei de nacht, seit Narsing Lahki fan de gemeente Ljouwert.

Ferskate ûnderdielen fan de brêge sille oanpakt wurde, wêrûnder de ballêstkist dy't ûnder de dyk ferskûle leit. Om derfoar te soargjen dat it wurk nachts dien wurde kin, moatte der wol ljochtynstallaasjes delset wurde. Mar de wurklju skine dizze sa min mooglik op de omjouwing, sa seit Lahki.

De brêgen binne omstebeurt tusken begjin april en heal july nachts ticht foar sawol it skipfeart as it ridende ferkear. Omwenners krije in brief oer it wurk.

Harkje nei in petear mei Narsing Lahki

Trefwurden: 
Ljouwert brêge
(Advertinsje)
(Advertinsje)