De Pein wol plannen foar sinnepark foarearst stopsette

Doarpsbewenners fan De Pein wolle dat de proseduere foar de oanlis fan in sinnepark by it doarp stopset wurdt. Der binne noch fierstente folle ûndúdlikheden oer de plannen fan de Dútske ûntwikkelder Kronos.
© Shutterstock.com (chinasong)
De fragen oan it bedriuw, lykas wat binne de risiko's en garânsjes en wat is de opbringst, binne noch net goed beäntwurde. En it ôfrûne jier wie it fanwegen corona ek net mooglik doarpsbewenners goed te ynformearjen. In spesjale wurkgroep hat de gemeente Smellingerlân frege om it proses stop te setten. Tiisdeitejûn is der in debat oer yn de gemeenteried.
Ek al soe it sinnepark fan 13 hektare der pas oer twa jier komme, it giet de doarpsbewenners te fluch. "Der hat wol oerlis west mei it bedriuw", seit Willem de Boer fan Doarpsbelang De Pein. "Mar we hawwe as doarp mear ynformaasje nedich. It giet om in sinnepark foar 25 jier. Miskien is it bygelyks needsaaklik om as doarp in enerzjykoöperaasje op te setten om mei-eigener te wurden." De bydrage oan in omjouwingsfûns, sa't it bedriuw foarsteld hat, is yn ferhâlding ta oare sinneparken te leech fine de bewenners. En de effekten op de omjouwing binne ek net goed ûndersocht.
De wurkgroep begrypt dat de oerheid dwaande is mei de enerzjytransysje, mar de soargen binne grut neffens Jentsje Steegstra. "Je tinke wol nei oer de senario's. Bygelyks dat je der in pear picknickbankjes foar werom krije as doarp, wylst de ûntwikkelder der in heal miljoen yn it jier mei fertsjinnet. Dan hie der mear yn sitten en dêr ha je wol sliepeleaze nachten fan."
Ferslachjouwer Ronnie Porte seach by de lokaasje fan it sinnepark fan De Pein