Op ôfspraak nei de meubelbûlevaar; oars as oare jierren, mar wol gesellich

05 apr 2021 - 19:30

Twadde Peaskedei is tradisjoneel in drokke dei foar wen- en meubelbûlevaars, mar dit jier is dat fansels oars as oars. Je moatte in ôfspraak meitsje en der kin mar in beheind oantal klanten yn ien kear nei binnen. Dochs binne der dit jier yn Snits achter de mûlkapkes dochs foaral laitsjende gesichten te sjen. "It is eins wol lekker dat it net sa drok is", sa lit in besiker witte.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Op it stuit meie winkels ien persoan yn de winkel ha foar elke 25 fjouwerkante meter flieroerflak. De Woonboulevard yn Snits hat in oerflak fan sa'n 30.000 fjouwerkante meter, dus der is genôch romte foar besikers om harren oer te fersprieden. Op it parkearplak steane in soad auto's, mar yn de winkels is dy drokte hast net werom te sjen. "Normaal heb je op Paasmaandag verkeersregelaars op de parkeerplaatsen nodig om alles in goede banen te leiden", fertelt Marijke van der Meer fan Van der Meer Wonen. "Dat is nu niet het geval."

Ferslachjouwer Jeroen Boersma seach yn Snits

De winkellju binne bliid wer iepen te kinnen. Mei it plannen fan ôfspraken is it tal klanten te behearskjen en komme der dochs genôch minsken binnen. Dochs sit der foar de winkelman wol in neidiel oan dat systeem fan ôfspraken meitsje. Van der Meer: "Het spontane is er wel af. Mensen kunnen niet even langskomen om rond te sneupen. Je merkt dat mensen gerichter komen winkelen, waardoor er bijvoorbeeld minder accessoires verkocht worden."

(Advertinsje)
(Advertinsje)