Nije direkteur Waadakademy
Professor Jouke van Dijk wurdt de nije direkteur fan de Waadakademy. Hy nimt de funksje op 1 augustus oer fan Pavel Kabat, dy't direkteur fan in ynstitút yn Eastenryk wurdt.
Van Dijk makke al diel út fan it bestjoer fan de Waadakademy. Hy sil twa dagen yn 'e wike oan 'e slach foar de organisaasje, de oare dagen is er as heechlearaar ferbûn oan de Ryksuniverstiteit Grins.