SC Cambuur kin promoasje hast rûke nei sânklapper tsjin Excelsior

05 apr 2021 - 16:25

SC Cambuur is moandeitemiddei wer in stap tichter by promoasje nei de earedifyzje kaam. De Ljouwerters hiene it lang dreech mei tsjinstanner Excelsior, mar yn de lêste tweintich minuten makken se it ferskil. Uteinlik stie der mar leafst 7-2 op it skoareboerd. Ragnar Oratmangoen en Robert Mühren makken beide trije doelpunten. Troch de oerwinning komt Cambuur op 76 punten út 32 wedstriden. Promoasje kin de ploech fan Henk de Jong hast net mear ûntgean.

Foto: Orange Pictures

Mei keeper Sonny Stevens yn 'e basis, dy't lêst hie fan it ankel mar dochs spylje koe, liet Cambuur him al nei seis minuten ferrasse. De hiele Ljouwerter ferdigening siet mis by in foarset fan de rjochterkant, sa't Joël Swarts de 0-1 meitsje koe. Yn de minuten dêrnei wie Excelsior de gefaarlikste ploech, benammen troch hiel sloardich fuotbal fan Cambuur.

Doe't de Ljouwerters dêrnei de rêst yn it spul werom fûnen, stie de lykmakker samar op it skoareboerd. Rjochtsbûten Jarchinio Antonia gie de kombinaasje oan mei Mühren, en makke it sels ôf. Nei de 1-1 wie it Cambuur dat op syk gie nei de 2-1, mar dêrby rekken hâlde moast mei de rappe counters fan Excelsior. Sa makken de Rotterdammers der hast 1-2 fan, mar Stevens koe de bal fan Niemeijer op fantastyske wize op de line noch krekt tsjinhâlde. Fierder wiene der foar it skoft gjin grutte kânsen mear foar beide ploegen.

Deksel op 'e noas

Cambuur krige yn de earste pear minuten fan de twadde helte in pear kânskes, mar it wie wer Excelsior dat it doelpunt makke. Oanfaller Omarsson mocht samar úthelje en hy seach dat Stevens kânsleas wie op syn skot. De Ljouwerters moasten wer yn de efterfolging, en diene dat ûnder oare mei in oanfallende wiksel doe't Henk de Jong ferdigener Schmidt derôf helle foar oanfaller Nick Doodeman.

Nei in oere krige Robert Mühren in grutte kâns, mar each yn each mei de keeper fan Excelsior brocht de latte rêding foar de besikers. Trije minuten letter wie it wol raak foar de Ljouwerters, doe't Mühren de 2-2 tsjin de touwen kopte út in foarset fan ynfaller Doodeman. Yn de minuten nei de lykmakker krige Cambuur in pear grutte kânsen om troch te drukken, mar de ploech slagge der net yn om op foarsprong te kommen.

Cambuur set oan

Mei noch tweintich minuten te gean kaam Cambuur dochs op foarsprong. Linksback Bangura sette goed troch oan de linkerkant, en syn pass waard troch Ragnar Oratmangoen ta doelpunt promovearre. Dêrby waard de bal noch wol oanrekke, sadat keeper Maarten de Fockert kânsleas wie. De beslissing kaam efkes letter doe't Cambuur in penalty krige nei hands fan Excelsior. Foar topskoarder Robert Mühren de ideale mooglikheid om syn tritichste doelpunt fan it seizoen te meitsjen en de oerwinning feilich te stellen. Foar de statistiken makke Oratmangoen der mei syn twadde fan de wedstriid noch 5-2 fan, en Mühren makke der mei noch in penalty sels 6-2 fan. Yn de lêste minút waard it sels noch moaier doe't ek Oratmangoen syn tredde makke.

Troch de oerwinning komt Cambuur no op 76 punten út 32 wedstriden. Der binne noch seis wedstriden te spyljen yn de earste difyzje, promoasje kin de Ljouwerters hast net mear ûntgean.

SC Cambuur - Excelsior 2-2 (1-1). 6. Joël Swarts 0-1, Jarchinio Antonia 1-1, 52. Elías Ómarsson 1-2, 63. Robert Mühren 2-2, 71. Ragnar Oratmangoen 3-2, 76. Robert Mühren 4-2, 71. Ragnar Oratmangoen 5-2, 76. Robert Mühren 6-2, 89. Ragnar Oratmangoen 7-2.

Opstelling SC Cambuur: Stevens; Schmidt (58/Doodeman), Schouten, Mac-Intosch (Nieuwpoort), Bangura; Hoedemakers, Breij (85/Ter Heide), Oratmangoen; Antonia, Mühren (88/Pouwels), Kallon (46/Korte).

(Advertinsje)
(Advertinsje)