Weagen oant wol 7 meter heech ferwachte boppe de Waadeilannen

Der wurde moandei weagen oant wol 7 meter heech op see boppe de Waadeilannen ferwachte. Dat komt troch in stoarmige hurde wyn út it noardwesten, dy't benammen letter op de dei foar hege weagen soargje kin. Kontenerskippen krije it advys de noardlike rûte te nimmen, yn stee fan de súdlike. Dat is de rûte dy't fierder fan de Waadeilannen ôf leit. En dat bart ek sjocht Peter van Suijlekom, dy't ferkearslieder op fjoertoer de Brandaris op Skylge is.
© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
Op guon plakken yn Fryslân is it waar no noch rêstich, mar it stoarmich Peaskewaar soarget yn it Waadgebiet foar in opfallende hege weachslach, feroarsake troch de poalwyn. Dat fernimme se ek op de Brandaris, seit Van Suijlekom. Hy sjocht de hege weagen tanimmen.
Boppedat sil de see letter op de dei allinnich noch mar wylder wurde. "Er is een heel langgerekt gebied met harde wind, dat gaat echt van Noord-Noorwegen tot helemaal tegen de wadden aan. Dat komt allemaal uit dezelfde windrichting, dus de golfhoogte bouwt zich behoorlijk op", seit Van Suijlekom. "Eigenlijk hebben we hier nog helemaal niet zulke hele gekke harde wind, en dan hebben we al heel hoge golven. Dat komt door die druk van boven."

Kontenerskippen

Neffens Van Suijlekom is it fanwegen de Peaskedagen gjin drokke dei wat it farfekear oanbelanget. "Er vaart bij ons nu niet zo heel veel bijzonders. Het is heel druk met veerboten, want de visserij - want het is Tweede Paasdag - vaart eigenlijk niet vandaag. Eigenlijk valt het wel mee."
Peter van Suijlekom
De kontenerskippen dy't by it Waad del farre, falle neffens Van Suijlekom ûnder ferantwurding fan de Kustwacht. Se krije it advys de noardlike rûte te nimmen, yn stee fan de súdlike. Dat is dus de rûte dy't fierder fan de Waadeilannen ôf leit.
De fjoertoerwachter sjocht de skippen foarbygean op syn radar. "Ik weet dat ze nu het dringende advies krijgen om door te gaan. Je ziet bij ons op de radar toch ook de containerschepen al doorgaan, die gaan gewoon via de diepwaterroute nu. "
En dit is de situaasje op It Amelân: