Tal nije coronabesmettingen yn de ôfrûne 24 oeren wer ûnder de 200

05 apr 2021 - 15:22

Der binne de ôfrûne 24 oeren 195 nije coronabesmettingen by kaam yn Fryslân, hat it Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu (RIVM) witte litten. It binne der likefolle as snein, doe wiene it der 195. De ôfrûne wike binne der gemiddeld alle dagen 219 nije besmettingen by kaam.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân (34), dêrnei komme Ljouwert (33) en De Fryske Marren (25).

Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren gjin nij stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus. Wol wie der 1 nije sikehûsopnames yn ús provinsje, dat gie om in persoan út Noardeast-Fryslân.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne der 5365 nije coronagefallen registrearre. Dat wiene der snein noch 6900.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)