De Watersport Wâldsein ticht en dochs wer iepen nei falske positive coronatest

05 apr 2021 - 14:21

Mei in spesjaal ôfhelmenu moast it peaskewykein dochs noch wat fleurich wurde foar restaurant de Watersport yn Wâldsein. Troch in positive coronatest fan eigener Frans van der Molen rûn alles lykwols oars as ferwachte. Bestellingen waarden annulearre, wurknimmers moasten harren teste litte en hoegden ek net oan it wurk. Mar dat alles wie foar neat, want úteinlik wie de test negatyf.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Nei in min coronajier helpe alle euro's dy't der binnenkomme, mar eigener Frans van der Molen krige wat coronaklachten en liet him teste. Begjin foarige wike lies er online de útslach: hy wie posityf. Goed in dei letter belle de GGD dat de test dochs negatyf wie. "Oan de iene kant wie ik bliid dat ik it net hie, mar oan de oare kant hie ik wol de smoar yn", fersuchtet Van der Molen.

Twadde kear

Wat der krekt ferkeard gien is, wit de restauranthâlder ek net. Yn desimber hawwe hy en Michaela (syn frou en mei-eigener, red.) alris corona hân. "We tochten dat we it firus ek net mear krije koene, mar mei dy Britske fariant witte je it ek net. Miskien stie de positive útslach fan doe noch wol yn it systeem." Hoe't de datum fan de lêste test dan wol goed wie, kin er net ferklearje.

Alles annulearre

Nei de positive útslach hat De Watersport alle bestellingen foar it peaskewykein annulearre. Dat moast dêrnei wer allegear omdraaid wurde. "Ik wie wol lilk, ja. We ha elkenien dy't in bestelling dien hie, ôfbelle. We wenje ek yn in lyts doarp, dus it gie hiel gau rûn dat hjir corona wie", fertelt Michaela. "We ha earst nei bûten kommunisearre dat we ticht moasten. Dêrnei ha we wer in berjocht op Facebook set dat we dochs iepen binne. Je witte net watfoar effekt dat hat."

Skea

Hoe grut oft de skea is, kin Frans net sizze. "Je kinne net oantoane hoefolle minsken bygelyks net by ús besteld ha, om't se it earste berjocht wol lêzen ha mar it twadde berjocht net. Mar we sitte as hoareka al yn de hoeke dêr't de klappen falle. Dan helpt dit geouwehoer net." Dochs bliuwe de twa posityf. Frans: "It is sa't it is. We meitsje der wat fan. Aanst komt it moaie waar deroan en dan hope we gau wer iepen te kinnen. Mar we binne net bliid mei de GGD!"

Frans en Michaela van der Molen fan De Watersport yn Wâldsein

(Advertinsje)
(Advertinsje)