Snie en hagel hâldt kampearder yn Fryslân net tsjin: "We hebben 'gebarbeknoeid'"

Hurde wyn, wiete snie en hagel: it is net echt waar om te kampearjen. Peaske is neffens tradysje it earste wykein dat de campings wer folrinne. De wiere kampearder lit him dan ek net net troch in bytsje kjeld tsjinhâlde. Op miny-camping De Stjelp by Aldegea (Smellingerlân) stie dit wykein in hantsjefol gasten.
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Op moandei steane der noch twa caravans en trije campers op it terrein. De wiete snie raast oer it terrein en dat is te fernimmen yn de saneamde glamping tinte fan de camping. Fjouwer gasten út Amsterdam ha dêr it wykein kampearre. "Het waaide als de donder, dus het was luidruchtig om te slapen", fertelt ien fan harren. "We hebben een beetje 'gebarbeknoeid', het kon net. Het was wel even een challenge om het vuurtje aan te wakkeren, maar dat is uiteindelijk gelukt."

Fakânsjegefoel

Fierderop stiet in stel út Ede. Sy hienen ferline jier al komme wollen, mar troch de strange coronamaatregels doarden se it doe net oan. Natuergebiet De Alde Feanen lûkt har nei dit part fan Fryslân. "We zijn nou voor het eerst weer weg met de camper en dachten: we beginnen gelijk in Friesland."
Nettsjinsteande it minne waar ha se dochs wol wat in fakânsjegefoel. "We zitten warm in de nieuwe camper en we hebben een prachtig ander uitzicht als Ede. En daar doe je het ook een beetje voor. Leuke camping, leuke gastvrouw, dus je bent gewoon lekker weg."
Takom wike sil it stiller wêze op camping De Stjelp. Eigeneresse Aline de Jong seit dat fanwegen it ferwachte minne waar minsken ôfsein hawwe.
Ferslachjouwer Ronnie Porte yn petear mei de campinggasten