Lege terrassen en folle parken: "Boargemaster Ljouwert moat grutte stêden folgje"

05 apr 2021 - 12:03

Ljouwert moat him oanslute by de fjouwer grutte stêden dy't de terrassen wer iepen hawwe wolle. Dat fynt Ton Eijer, foarsitter fan de hoareka yn Ljouwert. De boargemasters fan Amsterdam, Rotterdam, Den Haag en Utrecht roppe it kabinet op dit gau ta stean.

Foto: Omrop Fryslan, Auke Zeldenrust

De boargemasters fan de grutte stêden fine it net terjochte dat de parken fol lizze, wylst terrassen ticht bliuwe moatte. "Het is niet meer uit te leggen dat mensen met een fles wijn op het gras mogen zitten, maar dat de horeca de terrassen niet mag openen", seit boargemaster Aboutaleb fan Rotterdam.

'De oplossing foar it probleem'

Wat yn de fjouwer grutte stêden gebeurt, seach Eijer de ôfrûne wike ek yn Ljouwert. Ofrûne tiisdei en woansdei wiene prachtige dagen, de Prinsetún lei fol. "Minsken wolle derút, dat begryp ik hiel goed. Se sykje mekoar op yn de bûtenloft mei sok waarm waar. Mar dan tinke wy as hoareka: 'Wêrom kinne de terrassen fan ús dan net iepen?' Wy binne de oplossing fan it probleem, wy kinne de minsken spriede en wy hawwe tafersjoch. By ús kin it feilich. Dat is yn in park net sa."

Buma wol net om lyk

Boargemaster Buma fan Ljouwert is foarsitter fan de Fryske feilichheidsregio. Dy folget it advys fan de Veilgheidsraad mei 25 boargemasters, om op termyn te praten oer ferrommingen, en net no al de terrassen iepen te smiten. "Dat is tige spitich", seit Eijer.

"We binne hast in healjier ticht en wolle graach wer oan de slach. Boppedat sitte in soad ûndernimmers yn swier waar en der moat gau wat feroarje." Eijer wol graach mei Buma om tafel om te sjen wat der op koarte termyn mooglik is.

Ton Eijer

(Advertinsje)
(Advertinsje)