Plysje siket frou dy't mishannele jonge holp by swimbad op De Jouwer

05 apr 2021 - 11:29

Plysje De Fryske Marren is op syk nei in frou dy't mooglik tsjûge west hat fan mishanneling fan in 14-jierrige jonge. Hy is ferline wike tongersdei 1 april, om 16.30 oere hinne, mishannele op it parkearterrein fan Swimfun op De Jouwer en rekke "behoorlijk gewond", sa skriuwt de plysje op Facebook.

Foto: Omrop Fryslân

De jonge is dêrnei holpen troch in frou dy't yn har auto siet te wachtsjen. De plysje wol graach mei dizze frou yn kontakt komme, omdat sy mooglik in belangrike tsjûge wêze kin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)