Jaap Musschenga nije dirigint by De Bazuin út Oentsjerk

05 apr 2021 - 10:18

Brassband De Bazuin út Oentsjerk hat in nije dirigint. It giet om Jaap Musschenga, dy't al earder aktyf wie as gastdirigint fan De Bazuin. Hy folget fan takom seizoen ôf Klaas van der Woude op, dy't nei 35 jier ôfskied nimt fan de brassband.

Jaap Musschenga - Foto: De Bazuin Oenkerk

Musschenga is cum laude ôfstudearre oan it Prins Claus Conservatorium yn Grins. Yn 2015 wûn er de VNO-NCW Noord Talent Award, bedoeld foar muzikaal talint út Noard-Nederlân. "Zijn muzikale visie en vakmanschap als dirigent maken dat hij een uitstekende opvolger is voor de vertrekkende dirigent Klaas van der Woude", lit De Bazuin witte.

Musschenga is op it stuit as dirigint ferbûn oan brassband Gloria Deï út Gerkeskleaster, fanfare Concordia út Oldebroek en fanfare Eendracht út Eerbeek.

(Advertinsje)
(Advertinsje)