Peaskemoandei mei hagel en wiete snie, ferkear moat rekken hâlde mei glêdens

05 apr 2021 - 09:00

De winterjas kin wol wer oan. Dat seit Piet Paulusma oer it waar op peaskemoandei. Neffens de waarman falle der buien mei hagel, wiete snie, wynstjitten en kâns op tonger. Ferkear moat rekken hâlde mei hurde wyn en glêdens op 'e dyk.

Peaskemoandei mei hagel en wiete snie

Wie it in wike lyn noch prachtich sinneskynwaar, no komme de temperatueren net boppe de 5 graden út en is der yn de nacht kâns op froast. Paulusma ferwachtet dat it kâlde waar de kommende dagen noch oanhâldt.

"Fan tongersdei op freed wurdt it wat better, mei minder buien. Dan ha we even wat hegere temperatueren, op nei de 10 of 11 graden. Mar it is natuerlik beslist gjin simmer", sa seit Paulusma.

Foto: Omrop Fryslân, Sjoerd Dijkstra

De waarsferwachting fan Piet Paulusma

Wolst mear oer it waar wite? Op ús waarpagina is de nijste waarsferwachting fan Piet Paulusma te finen. En foar de minsken dy't ynteressearre binne yn mear as allinne de foarsizzing foar de kommende dagen, is der de PietCast. Tsien kear yn it jier dûkt presintator Wim Brons tegearre mei Piet djipper it waar yn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)