Kollum: "Omtzigtig"

05 apr 2021 - 08:15

"De soap om ferkenner Kajsa Ollongren hinne twa wike lyn hie sa in ôflevering fan de Netflix-searje Borgen wêze kinnen. Wa't Borgen noch nea sjoen hat efkes in koarte ynlieding. De searje giet oer Birgitte Nyborg, in Deenske politika dy't as earste frou ea premier wurdt fan Denemarken. Yn de searje folgje wy it 'wel en wee' efter de skermen yn it regearingsgebou Borgen, it Deenske Binnenhof.

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Hoe mear ôfleveringen ast sjochst, hoe better ast begrypst dat polityk ien grut wespenêst is. In wespenêst dêr't Birgitte alle dagen de striid oan gean moat om wespekeninginne te bliuwen.

Yn de Twadde Keamer wienen se yn 2013 ek grut fan fan Borgen. Neffens in soad Haachske Keamerleden sieten de skriuwers fan dizze searje net fier fan de wierheid ôf. Ek net sa frjemd, want de skriuwers hawwe harren ynspirearje litten troch ferhalen fan en oer politisy. Smaaklike blunders en yntrigearjende yntriizjes, dy't har liene foar in 'kijkcijferkanon'.

De misstap fan Ollongren kin sa in nije ôflevering fan Borgen wurde. Alle eleminten foar in goed ferhaal sitte der yn: ferrassing, fertinking en fansels ferried. En as klap op de fjoerpylk in firus dat de hiele wrâld yn syn besnijing hâldt. Ik sjoch it plot al hielendal foar my.

Stel dy efkes foar; bist fotograaf en stiest kalm in sigaretsje te smoken foar it Binnenhof as samar ynienen ien fan de ferkenners foar it nije kabinet nei bûten stoarmjen komt. Do pakst fuortendaliks dyn grouwe lins en klikst de iene nei de oare foto byelkoar. En dan ûntdekst dat der op ien fan dyn foto's dúdlik in mapke mei oantekeningen yn byld is. Bingo! Zoomst yn op it skermke fan dyn kamera en ja hear, dêr stiet in sintsje dat dyn libben op syn kop set: dyn scoop! Dyn trochbraak: 'Omtzigt, functie elders'.

As diggelfjoer giet it nijs troch Den Haag; der is lekt. Panyk fansels, want wat soe der bekend makke wêze? Wat soenen dy parasiten fan de parse te pakken krigen ha? En dan de bom: se witte dat wy Pieter Omtzigt wippe wolle. Spindokters fan alle kopstikken meitsje oeroeren. Oant djip yn 'e nacht wurdt der trochwurke. Hoe kinne wy ús hachje rêde? It is elk foar himsels.

No sa soe ik myn ôflevering sa sawat opbouwe. Fansels ha ik as famke yn Boelensleane gjin flau benul fan hoe't de hazzen dêr yn Den Haag rinne. Of better sein: hoe't de wespen dêr yn dat wespenêst fleane. Mar ien ding is wis. It sprekwurd 'Eerlijk duurt het langst' jildt net ast yn Den Haag politikus bist. Dat fernimt Pieter Omtzigt no wol. Ast as 'werker' te bot prikst, soarget de keninginne derfoar datst útranzjearre wurdst. En dat dogge se tsjintwurdich yn Den Haag net iens mear 'omtzigtig'."

(Advertinsje)
(Advertinsje)