Ambulânsepersoniel botst mei sikewein tsjin peal yn Drachten

05 apr 2021 - 07:47

Ambulânsepersoniel is moandeitemoarn mei de ambulânse tsjin in peal botst op it Noarderein yn Drachten. De ambulânse wie mei haast ûnderweis nei in melding en flak foar in rotonde gie it mis.

Foto: Noordernieuws/De Vries Media

Nei alle gedachten troch glêdens op de dyk bedarre de sikewein op de flechtheuvel, en kaam ta stilstân tsjin de peal.

De twa ynsitters fan de ambulânse binne mei twa oare sike-auto's oerbrocht nei it sikehûs. Nei kontrôle die bliken dat se net ferwûne wiene, dêrop koene se wer op hûs oan. De ambulânse rekke swier skansearre en is fuorthelle troch in berger.

Trefwurden: 
Drachten ûngelok ambulânse
(Advertinsje)
(Advertinsje)