Trainer Hearrenfean nei ferlies tsjin Ajax: "Het gaat om scoren"

04 apr 2021 - 20:44

Der hie mear ynsitten. Dat sei trainer Johnny Jansen fan SC Hearrenfean nei ôfrin fan de wedstriid tsjin Ajax. De trainer is wol tefreden. "We hebben ons goed verkocht."

Johnny Jansen

Yn it eigen Abe Lenstrastadion ferlear Hearrenfean de wedstriid tsjin Ajax mei 1-2. Neffens de trainer ha 'de jonges' it wol goed dien. "We waren agressief. Jammergenoeg konden we dat niet verzilveren."

Nei de wedstriid sei er yn de klaaikeamer dat it om effektiviteit giet. "De kansen hebben we gehad. Dan gaat het om scoren. Daar heeft het aan ontbroken."

Yn de counter hie Hearrenfean goeie mominten. En de spilers ha it plan dat der wie, goed útfierd, seit Jansen. "Daar ben ik tevreden over."

Kut en klote

Doelpuntemakker Mitchell van Bergen miste letter in ien-op-ien-kâns. "Dat is gewoon klote. Ik ben blij met mijn goal, dat is goed voor mij. Maar als ik die tweede ook had gemaakt, stonden we er nu heel anders voor. Ik kon de wedstrijd beslissen, en dat doe ik niet. Dat is gewoon kut."

Mitchell van Bergen

Van Bergen tinkt ek dat der mear yn sitten hie. "We moeten gewoon de kansen afmaken."

Een trots rotgevoel

Doelman Erwin Mulder seit dat der kânsen genôch wiene. Fjouwer. "Je weet tegen een ploeg als Ajax dat je effectief moet zijn. Dat waren we niet. Ik sta hier met een rotgevoel. Ik wilde winnen. Maar ik voel me ook trots, op hoe we gespeeld hebben vandaag."

Erwin Mulder

(Advertinsje)
(Advertinsje)