"Meitsje fan huldiging SC Cambuur in FieldLab-eksperimint"

04 apr 2021 - 19:25

It kampioensfeest fan SC Cambuur soe mooglik makke wurde moatte troch der in wittenskiplik eksperimint fan te meitsjen. Dat seit it Fryske Steatelid Durk Pool (VVD). "Meitsje fan de huldiging SC Cambuur in FieldLab-eksperimint", seit er.

It kampioensfeest fan Cambuur yn 2013 - Foto: ANP

Pool die syn útspraak yn it nijsfoarum fan it radioprogramma Buro de Vries. De kâns dat de Ljouwerter fuotballers keukenkampioen wurde, wurdt mei de wike grutter. Dan soene se promovearje fan de earste nei de earedifyzje. De foarige kear dat Cambuur dat die, wie yn 2013.

Sjoen it entûsjasme by de trouwe fans fan de klup, sil it dreech wurde in kampioensfeest yn coronatiid te organisearjen. Oardel meter ôfstân hâlde, en net te folle raze en sjonge, dat past net echt by de emoasjes dy't in kampioenskip losmeitsje sil, tinkt Pool.

Neffens Pool soene testen by de tagong nei it huldigingsfeest ek in rol spylje kinne. CDA-pommerant en âld-boargemaster Sytze Faber, dy't ek meiprate yn it nijsfoarum, advisearret boargemaster Sybrand Buma no al te begjinnen mei it tarieden fan de huldiging.

Harkje nei it nijsfoarum oer de huldiging fan Cambuur

(Advertinsje)
(Advertinsje)