Fraksjefoarsitter ChristenUnie: "Ik voel me niet thuis in de kerk"

Carlijn Niesink fan Wurdum is tsjerklik jongereinwurker, mar ek fraksjefoarsitter fan de ChristenUnie yn de gemeenteried fan Ljouwert en sels aspirant-lid fan de Twadde Keamer. Se seit dat se har net thúsfielt yn de tsjerke. Yn de partij kiest se har eigen rûte. Yn in lang petear mei ferslachjouwer René Koster fertelt se wat Peaske foar har betsjut, en praat se oer politike dilemma's en de krêft fan it leauwen.
© Omrop Fryslân
It petear mei Niesink is opnaam foar it debat oer de formaasje, dêr't meardere partijen premier Mark Rutte hurd yn oanfoelen. In dei letter makke de ChristenUnie bekend net fierder te wollen mei Rutte as premier.
Niesink fersoarget ien of twa kear yn de moanne in preek, mar ambysjes om sels yn 'e tsjerke oan de slach te gean, hat se net. "Ik zou nooit dominee willen worden. Dat is niet mijn roeping. Ik ben jongerenwerker in hart en nieren. Ik vind het leuk om af en toe te preken, maar dominee is niet mijn ding", fertelt de Wurdumer.

Net mei leauwen opgroeid

It lei lykwols hielendal net foar de hân dat Niesink it tsjerklik libben yngean soe, want se is net mei it leauwe opgroeid. "Ik ben als tiener met het geloof in aanraking gekomen. Ik had een vriendinnetje dat christelijk was." De âlden fan dat freondintsje fûnen it prima as Carlijn op snein op besite kaam, mar dan moast se wol mei nei de tsjerke. "Zo kwam ik ermee in aanraking."
As bern fûn de wrâld dêrneist al wûnderlik. "Ik dacht: dat kan niet zomaar ontstaan zijn. Daar moet een gedachte achter zitten." Dat wie Niesink har startpunt. "Vanaf toen was het zoeken. Wat is het geloof en wat vind ik daarvan? Aan de hand daarvan heb ik keuzes gemaakt." Niesink besleat harsels kristen te neamen en soe teology studearje.

Ferskil tusken leauwen en tsjerke

Foar Niesink sit der in grut ferskil tusken it leauwe en de tsjerke. "Ik voelde me niet thuis in de kerk, omdat ik daar heel erg zie dat je ergens aan moet voldoen en worden je een standaard en regels opgelegd." Dat is net hoe't Niesink yn it leauwe stiet, want sa soe it neffens har net bedoeld wêze. It leauwen en de tsjerke soene inoar yn guon opsichten yn it paad sitte. "We hebben als christenen een heel goed verhaal te vertellen, maar we weten alleen niet altijd hoe we het moeten vertellen. Soms vechten we elkaar te veel de tent uit en maken we het elkaar echt ontzettend moeilijk."
Benammen jongeren soene neffens Niesink wrakselje mei it leauwe. "Zij horen wat dan allemaal wel en niet zou mogen. Daar kunnen ze niet altijd aan voldoen, waardoor ze het geloof kwijtraken." De tsjerke soe jongeren mear sizze moatte dat se goed binne sa't se binne, fynt de jongereinwurker. "Voor mij is God liefde en vanuit daar moeten we verder werken."
Harkje nei it folsleine petear mei Carlijn Niesink