SC Hearrenfean ferliest nei krekt-gjin-bûtenspulgoal fan Ajax

04 apr 2021 - 18:41

SC Hearrenfean hat de wedstriid tsjin Ajax mei 1-2 ferlern. It earste doelpunt wie foar de Friezen, mar dêr bleaun it ek by. Dêrmei sette Ajax in reuzestap nei it kampioenskip. Hearrenfean fertsjinne mear, mar nei it missen fan fjouwer hûndertprosint-kânsen bleaunen der nul punten lizzen yn it Abe Lenstrastadion.

Foto: Orange Pictures

It wie bepaald gjin blamaazje foar de Friezen, tsjin de nûmer ien fan Nederlân. Hearrenfean kaam nei in healoere spyljen op foarsprong, troch in doelpunt fan Mitchell van Bergen. Hy krige de bal fan Joey Veerman, gong syn man foarby, en skode de bal de fiere hoeke yn.

Fiif minuten letter wie it lykspul, trochdat Ajax in penalty krige nei in handsbal fan Jan Paul van Hecke. Yn de twadde helte skoade Ajax opnij, op it rantsje fan bûtenspul. De fideoskiedsrjochter hie lang nedich foar in beslút. Dat foel út yn it neidiel fan Hearrenfean.

Hearrenfean spile kompakt, en Ajax dominearre. De Friezen loerden op de counter, mar de counter kaam net. Mei hotseknotsbegoaniafuotbal besocht Hearrenfean yn de lêste minuten noch op likense hichte te kommen, mar de ferdigening fan Ajax koe stânhâlde, ek yn de blessueretiid. It bleaun 1-2.

SC Hearrenfean - Ajax 1-2 (1-1) 29. Mitchell van Bergen 1-0, 36. Dusan Tadic 1-1 (P), 61. Sébastien Haller (1-2).

Opstelling SC Hearrenfean: Erwin Mulder; Sherel Floranus, Jan-Paul van Hecke, Pawel Bochniewicz (24/Ibrahim Dresevic), Rami Kaib (75/Arjen van der Heide); Lasse Schöne, Tibor Halilovic (59/Lucas Woudenberg); Joey Veerman, Siem de Jong, Henk Veerman, Mitchell van Bergen (75/Benjamin Nygren).

(Advertinsje)
(Advertinsje)