Ljouwerter CDA-pommerant wol 'sake-kabinet' mei DSM-bestjoerder as premier

De Ljouwerter CDA-pommerant Sytze Faber is grut foarstanner fan in sake-kabinet om út de politike malêze fan dit moment te kommen. "Der is no sprake fan in grutte stagnaasje, wylst der fan alles barre moat."
© ANP
Yn in sake-kabinet dogge beropspolitisy in stapke tebek en wurde saakkundige bestjoerders op harren eigen gebiet nei foarren skood as minister. "Dat is ek demokratysk, want harren belied moat altyd noch sanksjonearre wurde troch de Twadde Keamer", seit Faber yn it nijsfoarum fan it radioprogramma Buro de Vries.
Nei de diskusje oer de posysje fan Mark Rutte en it ôfheakjen fan de ChristenUnie as koälysjepartij ûnder Rutte syn lieding, is der in fakuüm ûntstien. In flotte formaasje liket der dêrom no net yn te sitten.
"En dat wylst der fan wol alles regele wurde moat", sommet Faber op: "De lânbou, it ûnderwiis, de wenningbou, it earmoede-probleem en net ferjitten it klimaat!"
© Omrop Fryslân, René Koster
Sytze Faber yn Buro de Vries
Faber hat ek wol in suggestje wa't yn sa'n kabinet premier wurde moat: âld DSM-bestjoerder Feike Sijbesma, dy't koartlyn as 'speciaal gezant' troch it kabinet ynset waard by de bestriding fan de coronakrisis. "Sijbesma is noch net te âld en hat Fryske woartels. Hy soe dat goed dwaan kinne", seit Faber.