RIVM: Minder as 200 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Der binne de ôfrûne 24 oeren 195 nije coronabesmettingen by kaam yn Fryslân. Dat hat it RIVM bekend makke. It binne der minder as sneon. Doe wiene der 237 nije besmettingen. De ôfrûne wike binne der alle dagen gemiddeld 222 nije besmettingen by kaam yn Fryslân.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân (50), dêrnei folgje Ljouwert (30) en De Fryske Marren (24).
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren twa minsken ferstoarn troch it coronafirus. Dat binne ynwenners fan de gemeenten Súdwest-Fryslân en Hearrenfean.
Der wie ien nije sikehûsopname yn ús provinsje. Dat giet om in ynwenner fan de gemeente Súdwest-Fryslân.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Lanlik binne der 6.918 nije besmettingen meld.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.