Doelman Stevens is in fraachteken by SC Cambuur

It is noch net dúdlik wa't der moandei yn de wedstriid tsjin Excelsior op doel stiet by SC Cambuur. Earste keeper Sonny Stevens hat lest fan it ankel, nei't er freed yn it duel mei FC Volendam op in tsjinstanner botste. Stevens stie snein wol efkes op it trainingsfjild, mar gie nei tsien minuten wer nei binnen.
Keeper Sonny Stevens hat lest nei in botsing yn it duel mei FC Volendam
Dat syn training nei in pear ballen sjitte en in pear ballen fuortdûke wer klear wie, wie de ôfspraak neffens Stevens. "We gingen eventjes testen hoe het ging. Daarom ben ik maar heel even op het veld geweest." It ankel is it probleem fan Stevens, dêr hat er de measte lêst fan. "Het doet nog wel pijn, maar ik denk dat morgen wel goed gaat komen. De enkel is nog wat dik, maar verder voelt het wel oké."
Moandeitemoarn sil de knoop trochhakt wurde oft Stevens spylje kin. Oars sil Pieter Bos syn ferfanger wêze. Stevens: "Ik ga alleen spelen als ik me echt goed voel, dat gaan we morgen testen. Als dat niet zo is, speel ik niet. Als dat wel zo is, speel ik morgen gewoon. Heel simpel."
© Orange Pictures
Mocht de doelman spylje kinne, betsjut it dat er tsjin syn âld-wurkjouwer spilet. Yn it seizoen 2018/2019 spile Stevens foar Excelsior. Mar, safolle seit dat him ek wer net. De lêste wiken spile er nammentlik faker tsjin âlde klups, as Go Ahead Eagles en FC Volendam. "Ik speel bijna tegen de helft van de competitie tegen oude clubs", laket Stevens. "Maar het is leuk om oude bekenden te zien."

Marco Tol

Mooglik sil SC Cambuur him nei dit seizoen fersterkje mei Marco Tol. De ferdigener spilet no noch foar FC Volendam, mar hat dêr in ôfrinnend kontrakt. Cambuur is allinne net de iennige klup dy't Tol nei dit seizoen helje wol. Ek Heracles Almelo en SC Hearrenfean sitte efter de sintrale ferdigener oan. Heracles soe ek al yn in fier stadium wêze mei him. Mar, dat jildt ek foar Cambuur. Neffens technysk manager Foeke Booy hat de klup in persoanlik akkoart mei Tol. Hy moat allinne noch wol medysk keurd wurde.
It management fan Tol wie net te besetten foar in reaksje.
Trainer Henk de Jong sjocht dat de sfear goed is
Njonken de twivel by Stevens is de seleksje fan Cambuur fierder fit. Gewoanwei sil trainer Henk de Jong gjin wizigings trochfiere yn syn opstelling. De spilers hawwe nei de 3-0 oerwinning by FC Volendam en it feest dêrnei yn de klaaikeamer de knop wer om set. Neffens De Jong wie dat beslist net dreech. "Nee, gjin inkel probleem. De oerwinning jout ús team en ús in goed gefoel. Dan sjochst dat de konkurrinten ferlieze, dan bist even bliid." Dat der dan songen en dûnse wurdt, heartder by. De Jong: "Je moatte dinkjes fiere. Dat ferjitte je somtiden. Je moatte der ek efkes fan genietsje."
Njonken de al langer blessearren Jamie Jacobs en Mitchel Paulissen liet ek Robin Maulun him dit wykein wer op it fjild sjen. In oantal wiken lyn rekke er blessearre en dat like swier te wêzen, mar it falt gelokkich ta konkludearret De Jong. "Ja, moai. Dy jonges binne ek allegear wer dwaande. Dêr bin ik hiel bliid mei. Peter van der Vlag giet de goeie kant op en Sandor van der Heide giet gelokkich nei omstannichheden goed. It sjocht der goed út."

Klaaikeamerhumor

De seleksje fan Cambuur stie snein wat letter op it trainingsfjild as de bedoeling wie. Dat hie te krijen mei dat der ien spiler ûntbruts, nammentlik Calvin Mac-Intosch. Dêr waard in geintsje mei úthelle, fertelt De Jong. "Dy rotjonges hiene Calvin opsluten yn it húske. Dat is klaaikeamerhumor. Se laitsje jonge, dat heart by fuotbal. As sokke dingen gebeure, is de trainer hiel bliid."
De wedstriid tusken SC Cambuur en Excelsior begjint op peaskemoandei om healweis trijen. It duel is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. Sportferslachjouwer Andor Faber fersoarget it kommentaar. In dei letter, op tiisdei, is yn it Cambuur Sjoernaal in wiidweidich ferslach fan dat duel te sjen.