Reiddompprojekt yn Alde Feanen is in sukses: fan fiif nei 25 spantsjes

04 apr 2021 - 12:00

It oanplantsjen fan trije bunder wetterreid yn de Alde Feanen hat derfoar soarge dat de populaasje reiddompen (roerdompen) yn it natuergebiet ferfiiffâldige is: fan sa'n fiif spantsjes 15 jier lyn nei sa'n 25 no. Yn 2015 is It Fryske Gea mei stipe fan It Eibertshiem úteinset mei it 'reiddompprojekt' en hoewol't nea mei wissichheid sein wurde kin dat de taname fan it tal reiddompen te tankjen is oan it projekt, is de kâns dêrop hiel grut.

In reiddomp ferskûle yn it reid - Foto: stockfoto

"Ik soe fansels graach sizze wolle dat it troch ús projekt komt dat der no sa folle spantsjes yn de Alde Feanen sitte, mar dat kin ik net hurd meitsje, want wy witte net hoe folle spantsjes der wêze soene as wy neat dien hiene", seit Haye Folkertsma fan earrebarrestasjon It Eibertshiem yn Earnewâld. Dochs kin it hast net tafallich wêze dat de populaasje reiddompen yn it natuergebiet sa ferbettere is nei't it projekt úteinset is.

Stichting It Eibertshiem is oprjochte yn 1980 mei it doel om fûgelpopulaasjes yn stân te hâlden, benammen de earrebarre. Omdat de reiddomp krekt as de earrebarre in sompefûgel is, reagearre It Eibertshiem posityf doe't It Fryske Gea by har oankloppe mei it fersyk om it reiddompprojekt finansjeel te stypjen.

34.000 reidstekjes

Yn 2016, 2017 en 2018 is der yn totaal trije bunder wetterreid, sa'n 34.000 reidstekjes, oanplante yn de Alde Feanen. "Dat is mar in postsegel, mar it hat wol hiel wichtich west. It Fryske Gea kin dêrnei it wetterpeil ferheegje of ferleegje, krekt wat der op dat stuit nedich is, sadat it wetterreid him goed ûntwikkelje kin. En dat is wer hiel belangryk foar de reiddomp, want dat wetterreid is syn biotoop", leit Folkertsma út.

Haye Folkertsma fan it Eibertshiem - Foto: Omrop Fryslân, Geartsje de Vries

In reiddomp is in hiel skou bist en wurdt dêrtroch net faak waarnommen. Troch syn kleuren en hâlding falt er net op as er yn it reid stiet. Hiel oars as de earrebarre, in fûgel dy't oan him besibbe is en him krekt hiel graach sjen lit.

Troch guon kontreien sa yn te rjochtsjen dat it oantreklik is foar earrebarren is yn de jierren 80 besocht de earrebarre werom yn it lânskip te krijen. Dat is hiel goed slagge want de earrebarre is hielendal werom en it is net mear nedich om te krewearjen foar bettere omstannichheden.

Reidklyster

Dat jildt noch net foar de reiddomp. Oeral yn ús lân binne soartgelikense projekten as yn de Alde Feanen en it byld is ek wol dat der mear reiddompen komme, mar it is noch net genôch.

Itselde jildt foar de reidklyster (grote karekiet). Dêr is ek in aksjeplan foar opset. De maatregels binne sa ûngefear itselde as wat der foar de reiddomp dien is: it oanlizzen fan wetterreidfjilden en it behearskjen fan it wetterpeil yn dy gebieten.

Folkertsma: "Wat wy dien ha foar de reiddomp, hie der ek foar soargje kind dat der mear reidklysters briede yn de Alde Feanen, mar dat ha wy net konstatearre. It liket derop dat dêr mear foar dien wurde moat."

Op de site fan It Eibertshiem kin fia in webcam it nêst fan in earrebarrespantsje besjoen wurde

(Advertinsje)
(Advertinsje)