Doeksen past tsjinstregeling oan fanwegen hurde wyn

Rederij Doeksen past takom moandei de tsjinstregeling fan en nei Flylân oan fanwegen de hurde wyn dy't foarsein wurdt. Alle sneltsjinsten ferfalle en ek de ms. Willem Barentsz fart net.
© Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Der wurdt in ekstra reis fan fearboat de ms. Vlieland ynset sadat alle minsken foar de jûnsklok yn Harns wêze kinne. Hast alle tiden fan en nei Flylân feroarje dêrtroch. Minsken dy't in kaartsje hawwe, krije berjocht en wurde omboekt.