Spilers Aris oer saak matchfixing: "Ik ga ervan uit dat het niet is gebeurd"

04 apr 2021 - 10:48

De ferbjustering is grut by Aris-spilers Sjoerd Koopmans en Tijme van Dijk as se deroan weromtinke dat ferskate fan harren meispilers yn 2019 mooglik wedstriden manipulearre hawwe. It twatal is it iennige wat noch oer is fan de Aris-seleksje fan doe. "Ik ga er gewoon vanuit dat het niet is gebeurd. Ik kan er niet bij", seit Van Dijk.

Van Dijk waard tafallich op woansdei weromhelle nei Aris, om't de klup te krijen hat mei in soad blessueres. Hy hie him in oare weromkear foarsteld by Aris. "Ik had wel op een winstpartij gehoopt, ja. Dus dat is wel zwaar", wêrmei't hy doelt op it ferlies fan syn klup sneontejûn tsjin Apollo Amsterdam. Van Dijk praat net graach oer de matchfixingsaak. "Weet je, er is niks vastgesteld. Dus ik kan van alles gaan denken en doen, maar ik probeer er niet zoveel aandacht aan te besteden."

Grut nijs

It is de Belgyske coach fan Aris, Ferried Naciri, fansels ek net ûntgien dat elkenien yn Nederlân no ynienen Aris Ljouwert ken. "Groot nieuws inderdaad. Ik was al wel op de hoogte ervan, dus voor mij was het niet heel veel nieuws. Het was een oud bestuur, oude spelers, oude coach. Dus daar hebben wij heel weinig mee te maken. Het zal voor sommige jongens misschien wel even schrikken geweest zijn. Maar het staat niet zo heel dichtbij ons", seit Naciri.

Naciri hat de twa spilers dy't doe ek by de seleksje hearden wol apart naam. "Klopt, ik heb een tijdje geleden wel met die jongens gepraat. Het onderzoek is al een tijdje gaande. Ze zeiden wel dat ze ervan geschrokken waren, maar ze zijn niet betrokken. Dus je moet het ook loslaten en verdergaan. Maar het is natuurlijk wel even schrikken op het moment dat je het hoort", seit de coach.

Undersyk

Koopmans wist yn it ôfrûne seizoen al dat der in ûndersyk rûn nei syn âld-teamgenoaten. "Ik had niet aan zien komen dat het landelijk nieuws zou zijn ineens", seit Koopmans, dy't sels ek heard is yn it ûndersyk. "Gehoord klinkt vrij heftig, maar ze hadden voor mij ook wat vragen over hoe het team in elkaar zit."

Doe't hy it in jier lyn te hearren krige, foel der net ynienen in kwartsje by Koopmans. "Dit verwacht je sowieso niet natuurlijk. Dat dit gebeurt. Als je een wedstrijd speelt en je verliest hem gaan je gedachten nooit naar dat soort dingen toe. Dus wat dat betreft is het heel onverwacht en zeker schrikken", sa seit de 23-jierrige basketballer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)