Omrop TIP: ONFK-wykein, de moaiste fanfaremuzyk op it Koperkanaal

10 apr 2021 - 17:45

De Open Nederlandse Fanfare Kampioenschappen (ONFK) kinne ek dit jier net trochgean en dochs klinkt der dit wykein fanfaremuzyk. De organisaasje fan it evenemint en Omrop Fryslân komme mei-inoar mei in spesjaal ONFK-wykein op it Koperkanaal. Op sneon 10 en snein 11 april is in seleksje fan de moaiste fanfarewurken fan 1985 oant en mei 2019 te beharkjen.

It ONFK-wykein set sneon om 9.00 oere útein, folgje it hjir:

Yn 1982 waard úteinset mei it Frysk Fanfare Festival, de foarrinner fan de ONFK, dy't yn 2010 it deiljocht seagen. Fan 1985 ôf oant en mei de dei fan hjoed is Omrop Fryslân belutsen by it fêstlizzen fan optredens fan fanfares út binnen- en bûtenlân.

De korpsen hiene dit jier fansels neat leaver dien as mei inoar muzyk meitsje, mar dat kin net fanwegen de beheinende coronamaatregels. En sels al hiene se yn april grien ljocht krigen, dan hie it noch altyd te koart dei west om dêrop taret te wêzen. "Der moat ek repetearre wurde. As dat yn febrewaris of maart al kinnen hie, dan hiene se der yn april noch net klear foar west", leit ONFK-bestjoerslid Andries de Haan út.

Foto: Akkelien Reitsma

"We hâlde moed"

Dat de muzikanten net gearkomme kinne om mei harren dielde passy dwaande te wêzen, is dreech. "Je falle yn in gat", ferfolget De Haan. "Mar as we aanst wer begjinne, bin ik derfan oertsjûge dat we gau it entûsjasme wer fine kinne. We hâlde moed."

Foto: Omrop Fryslân

De Haan dûkte tegearre mei Omrop-technikus Aise van Beets it argyf yn en socht de moaiste stikken út foar it ONFK-wykein. "We hawwe in hiel soad stikken by de kop hân."

De muzyk út de betidere jierren stiene op âlde DAT-tapes, digital audio tapes, dêr't spesjale apparatuer foar nedich wie om it ôf te spyljen en yn te laden. "Wy hawwe stêd en lân ôfbelle foar in DAT-rekorder", fertelt De Haan laitsjend.

De ONFK soene oarspronklik hâlden wurde op 9 en 10 april yn De Lawei yn Drachten. Omrop Fryslân stjoert dêrom op sneon 10 april, fan 9.00 oere moarns oant middernacht, in kompilaasje út fan 35 jier fanfaremuzyk. Dy sil hjir te beharkjen wêze en fia de Omrop-app.

De folsleine playlist wurdt op snein 11 april werhelle. De list mei alle stikken, komponisten en útfierende korpsen is te besjen op de webside fan de ONFK.

Andries de Haan oer it ONFK-wykein

Koperkanaal is der spesjaal foar leafhawwers fan de muzyk fan harmony, fanfare en brassband. Koperkanaal bestiet út livestreams fan HaFaBra eveneminten, de audiostream Omropfryslan.nl/koperkanaal en it radioprogramma Koperkanaal FM (alle sneinen tusken 6.00 en 8.00 oere op 'e radio).

Op de audiostream fan it Koperkanaal binne unike opnamen te hearren dy't de Omrop yn de rin fan de tiid makke hat. Op dy wize is it muzykargyf fan Omrop Fryslân foar in breed publyk beskikber.

(Advertinsje)
(Advertinsje)