SC Hearrenfean hellet mei 15-jierrige Tygo Land jongste spiler ea oan

04 apr 2021 - 07:40

De 15-jierrige Tygo Land hat freed syn hanteken set ûnder in profkontrakt by SC Hearrenfean. De middenfjilder is dêrmei de jongste spiler yn de skiednis fan de fuotbalklup mei in kontrakt. Land tekenet foar trije seizoenen en leit dêrtroch fêst oant heal 2024.

Foto: SC Heerenveen

De leeftiidsgrins om in kontrakt te tekenjen is ferlege fan sechstjin nei fyftjin jier. Land waard yn 2013 troch scouts opmurken by it Drintske vv Peize en is dêrnei fia de fuotbalskoalle ynstreamd yn de jeugdakademy.

"Tygo is een controlerende middenvelder met veel kwaliteit", seit haad jeugdoplieding Michel Jansen. "Met dit contract kiest hij bewust voor een traject om zich bij ons verder te ontwikkelen richting het eerste elftal. We hebben er alle vertrouwen in dat hij de komende jaren mooie stappen kan maken."

(Advertinsje)
(Advertinsje)